
Boekingen verlopen via Booking.com
Folkshegeskoalle
De Folkshegeskoalle is in sintrum fan moetsjen, besinning en kultuer.
Bist fan herte wolkom om hjir te genietsjen. Allinne, tegearre of mei in groep. Yn alle gefallen hawwe we in geskikt sliepplak foar dy. De Folkshegeskoalle is boud op de funeminten fan bunkers út de Twadde Wrâldoarloch, yn in freonlike Skandinavyske styl. We biede groepsakkommodaasje oant en mei 100 minsken.
Neist ús eigen aktiviteiten, biede we plak oan in soad oare kursussen, wurkwinkels en skoalreizen. Us Fryske woartels binne sichtber bygelyks yn de Fryske taal en skriuwkursussen, de Simmerkampen en Kom & Sjong.
Us iten smakket hearlik en wurdt makke mei farske yngrediïnten.
Skoallen
Skoalreis? Folkshegeskoalle, in geweldige ûnderfining! Op skoalkamp nei Skylge! By it strân fan Hoarne op Skylge leit in ideale lokaasje: de Folkshegeskoalle Schylgeralân. Op ús terrein tusken bosk en dún lizze meardere gebouwen mei yn totaal 100 sliepplakken. Fan twa- en fjouwerpersoanskeamers oant grutte sliepsealen. Foar skoalgroepen is in grutte rekreaasjeseal en groepsromte beskikber. En... Read more »
Lês mearOer ús
Missy en fyzje De Folkshegeskoalle Skylgeralân fersoarget en organisearret meardaagse kursussen en stelt fasiliteiten beskikber foar aktiviteiten dy’t in edukatyf, of (sosjaal)kulturiel karakter hawwe. Dêrby hawwe kursussen en aktiviteiten dy’t Fryslân en de Fryske taal en kultuer oanbelangje, prioriteit. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de natuer mei de woartels yn de Fryske mienskip.... Read more »
Lês mearKursussen
Edukaasje, natuer en ferdivedaasje binne werom te finen yn al ús kursussen. Sjoch nei de mooglikheden.