Kursus Frysk: lear en ferbetterje de Fryske taalfeardigens

Wolst graach dyn taalfeardigens yn it Frysk ferbetterje? Folgje in kursus Frysk by de Folkshegeskoalle. It Frysk is in wichtich ûnderdiel fan ús identiteit dy 't wy graach mei in tal Fryske ynstânsjes mei dy diele.

Kursus Frysk op de Folkshegeskoalle 

Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstiene op ferskate plakken yn Nederlân folkshegeskoallen.

De Folkshegeskoalle op Skylge wie dêr ien fan. It regionale tinken spile in grutte rol by de oprjochting fan dy skoallen. Sa ek op Skylge en fan it begjin ôf hat de Fryske identiteit wichtich west. Dy identiteit diele wy graach mei oaren, dêrom organisearje wy njonken Frysktalige simmerkampen foar de jeugd, ek in tal kursussen Frysk. Dit dogge wy tegearre mei Afûk en mei de Fryske Akademy.

By dy kursussen leare wy dy dyn feardichheden fersterkjen. Of doch mei mei 'Kom-en-Sjong' dêr ’t wy in wykein lang gearkomme om te sjonge yn it Frysk en fan it eilân te genietsjen.


Ekstra ynformaasje oer de Folkshegeskoalle

Alle folkshegeskoallen yn Nederlân binne ferdwûn, útsein Folkshegeskoalle Schylgeralân. Us folkshegeskoalle is in plak dêr 't minsken fan alle leeftiden en út hiel Nederlân byinoar komme om inoar te moetsjen en te groeien. Neist it ûntdekken fan de kulturele identiteit komme se hjir foar allerhanne workshops en kursussen dy 't rjochte binne op muzyk, kreativiteit, natuer en / of besinning.

De Folkshegeskoalle is ek in noflik plak foar in fakânsje. Neist ús romme keamers en sliepsealen binne der in tal akkommodaasjes foar in rêstich en komfortabel ferbliuw. De Folkshegeskoalle leit midden yn de bosken fan Hoarne oan de eastkant fan it eilân, dêr 't it wat rêstiger is. Fan hjir ôf stappe je op 'e fyts om de rest fan it eilân te ferkennen of meitsje je in prachtige kuier troch de dunen, wêrby 't je útkomme op it strân.