Vanaf € 91,20 per nacht

Appartementen De Koai en De Stjune

Kom oernachtsje op Skylge yn ús gesellige en ienfâldige apparteminten.

Lytsskalige oernachtings

Us 4 - persoans apparteminten binne op de begeane grûn en binne yn 2020 folslein opknapt. It binne gesellige, ienfâldige apparteminten mei twa sliepromten, in goed ynrjochte keuken en in aparte badkeamer mei húske. De apparteminten binne boud op de fûneminten fan in bunker út de Twadde Wrâldoarloch. Ynrjochting De apparteminten hawwe in ythoeke, in sitsje mei bankstel en binne foarsjoen fan wifi, radio en tv.

De keuken is ynrjochte mei in kuolkast, kofjesetapparaat, magnetron en wetterkoker. Der binne foldwaande servys en pannen oanwêzich foar fjouwer persoanen. De apparteminten binne lykfloers en lizze direkt oan it binnenplein by de resepsje. Op ús terrein steane ferskate bûtensitsjes.

Fan 2024 ôf hantearje wy seizoensprizen leech / heech:

Priis appartemint: € 91,20 / € 114,00 / € 136,80 nachts eksklusyf einpoets (€ 50,00, dy is ferplichte ), bêlinnen (€ 10,00) en toeristebelesting (€ 2,10 p.p.p.n. ).

Diner op oanfraach € 29,50 p.p. Untbyt op oanfraach € 12,50 p.p. Lunchpakket op oanfraach € 8,50 p.p. Dat kinne jo trochjaan nei it fêstmeitsjen fan jo reservearring.

Ekstra's: yn de apparteminten binne maksimaal 2 hûnen tastien tsjin it bybeteljen fan € 20,00 de hûn per ferbliuw.

Meitsje hjir jo reservearringsoanfraach. Dit is noch gjin definitive boeking mar in opsje. Wy nimme de opsjes alle dagen yn behanneling.

Appartement vanaf

€ 91,20 per nacht

Eksklusyf einskjinmeitsjen (€ 50,00, dy is ferplichte ), bedlinnen (€ 10,00) en toeristebelesting (€ 2,10 p.p.p.n. ).

Oernachting kompleet meitsje

De akkommodaasje beskikt oer in eigen restaurant. Yn de keuken wurde Fair Trade-produkten brûkt en se binne spesjalisearre yn diëten en fegetaryske gerjochten.

Diner op aanvraag

€ 29,50

Ontbijt op aanvraag

€ 12,50

Lunchpakket bij te boeken

€ 8,50

Dit kun je eventueel doorgeven na de bevestiging van je reservering

Keamer boeke

Wolle jo in reservearring meitsje foar in keamer, studio, appartemint of sliepseal? Freegje nei de beskikberens fia 0562 -48954 of gebrûk ûndersteand formulier foar in reserveringsoanfraach. Wy nimme dan kontakt mei jo op.