Muzyk op Skylge

Wolst net allinnich live muzyk op Skylge harkje, mar ek meitsje? Kom nei ien fan de muzikale kursussen fan de Folkshegeskoalle op Skylge. Dizze kursussen binne ûnderdiel fan ús romme oanbod en soargje foar in wykein fol ûntspanning, muzikale ûntwikkeling en bysûndere moeting.

Sjonge op Skylge 

Hast sin om tegearre mei oaren in wykein lang muzyk te meitsjen op ien fan de waadeilannen? By de Folkshegeskoalle ha we ferskate workshops dêr 't minsken gearkomme om te sjongen op Skylge. Sa is der jierliks in koarwykein en sels in koarwike. Ek is der in soad omtinken foar it Frysk by it Kom en Sjong wykein. Ynteressearre yn oare minderheidstalen? Ierlân en Skotlân hawwe in rike liedtradysje dêr 't wy ús yn 'e workshop Ierske en Skotske lieten alhiel yn ûnder dompelje. Wa wit folget nei ôfrin in optreden yn ús eigen iepenloftspul De Rondte.


Oer de Folkshegeskoalle

Yn de neisleep fan de Twadde Wrâldoarloch skeaten folkshegeskoallen as blommen út de grûn yn Nederlân. Dizze plakken fan kennis en ferbûnens brochten (jonge) minsken byinoar om te learen, te groeien en harren kulturele woartels te ferkennen. No is Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge de lêste folkshegeskoalle yn Nederlân, dêr 't minsken fan elke generaasje gearkomme.

Us lokaasje op Skylge tsjinnet net allinnich as it poadium foar muzikale kursussen en allerhanne workshops, mar ek as in oaze foar fakânsjegongers en as in spylfjild foar de jeugd fan Fryslân by simmerkampen. Wat ús akkommodaasjes unyk makket, is dat se foar in part oplutsen binne út de oerbliuwsels fan de Atlantikwall, bunkers dy 't weromgean oant de Twadde Wrâldoarloch.

By de Folkshegeskoalle is in ferbliuw ynklusyf hearlike mielen mei lokale en biologyske yngrediïnten. Us koks riede elk gerjocht mei leafde ta, en dat is merkber yn elke hap.